Wer oanhâlding rige ynbraken

12 mrt 2013 - 10:59
  • Ynbraak

De plysje hat opnij in oanhâlding dien yn it ûndersyk nei de rige wenningynbraken yn Harns en Frjentsjer fan de lêste moannen. It giet om in 19-jierrige ynwenner fan Harns. Earder waarden der al trije oare Harnzers fan 21 en 24 jier oanhâlden. Dizze fertochten sitte noch hieltyd fêst.

De 19-jierrige Harnzer dy't no oppakt is, is tiisdeitemoarn betiid yn syn hús oanhâlden en op it plysjeburo fêstsetten foar neier ûndersyk. It ûndersyk nei de rige ynbraken giet troch en de plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings komme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)