Wer oanhâlding foar sjitpartij

08 sep 2003 - 00:00

De plysje hat noch in fertochte oanhâlden foar de sjitpartij op it Piet Kramerplein yn Ljouwert. It giet om in 26-jierrige ynwenner fan Ljouwert.

De plysje wurket noch mei acht man oan de saak. Fan de seis eardere fertochten sitte noch twa fêst. Dy beide hawwe yntusken bekend dat se belutsen wiene by it ynsidint. De sjitpartij, sneon in wike lyn, soarge foar in soad opskuor. De PvdA wol yn de wyk previntyf fûllearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)