Wer oanhâlding foar Cambuurrel

30 jun 2009 - 14:55

Yn it ûndersyk nei de Cambuurrellen is tiisdei wer in Ljouwerter (24) oanholden. Dêrmei komt it tal oppakte relskoppers op 19, sa meldt de plysje.

Ek de lêste fertochte soe belutsen west ha by de rellen nei de wedstryd Cambuur-Roda fan begjin juny. Hy soe stiennen nei de plysje smiten ha. De plysje hat noch sa'n 60 fertochten op it each. Sy sille de kommende wiken heard wurde. De plysje begjint mei de saneamde bûtenskyl en sil nei de simmer de 'swierdere gefallen' hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)