Wer oan it wurk by Brada

29 jul 2003 - 00:00

It personeel fan slachterij Brada yn Ljouwert kin tiisdei wer oan it wurk. Dat hat bewâldfierder Van der Spek bekend makke. It bedriuw ferkeart noch wol hieltyd yn surseanse fan betelling. Oer in trochstart fan it bedriuw wurdt noch drok praat mei ûnder oaren banken en de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.

De direksje fan Brada hat moandei tasein dat alle leveransiers fan kij betelle wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)