Wer nije Sweed by Hearrenfean

29 jul 2002 - 00:00

Fuotbalklub Hearrenfean hat moandei bekend makke dat it wer in Sweedske fuotballer fêstlizze sil. It giet om de ferdigener Petter Hanson(25). Der leit op dit stuit in prinsipe-akkoart, tongersdei soe der tekene wurde kinne.

Fierders makke foarsitter Van der Velde op de jierlikse parsedei bekend dat de begrutting in heal miljoen omheech gien is. Dy leit no op 15,3 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)