Wer nije MRAB-pasjint yn MCL

18 nov 2000 - 15:04

It is net maklik foar it Medysk Sintrum Ljouwert om sikehûsbaktearje MRAB kwyt te reitsjen. Freed is wer in pasjint mei MRAB oantroffen. Hoe en wêr't de man de baktearje krigen hat wurdt útsocht.

Omdat de man op de intensive care ferbliuwt, wurde op dizze ôfdieling gjin nije pasjinten talitten. Minsken dy't yntinsive soarch nedich hawwe wurde trochstjoerd nei oare sikehuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)