Wer nijbou yn Wierum

03 des 2009 - 09:27
  • Nijbou Wierum hat tsien jier stillein

Yn Wierum sil sûnt tsien jier wer nijbou pleegd wurde. De gemeente Dongeradiel wol meikoarten kavels útjaan by it sportfjild yn it doarp. De gemeente is noch net hielendal rûn mei de oankeap fan de grûn. Wethâlder De Graaf lit witte dat der wol genôch belangstelling wêze moat foardat de kavels útjûn wurde.

Algemien Belang Dongeradiel seit yn in reaksje dat mei de útjefte fan de kavels wer in stikje leefberens werom komt yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)