Wer nij plan foar Europaplein

12 mrt 2014 - 22:38
  • Europaplein

De tsjinstanners fan de gemeentlike plannen foar it Europaplein hawwe sels in plan meitsje litten. Dat plan kostet fjouwer miljoen, tsien miljoen minder as it plan fan de gemeente mei de fytstunnels deryn. Ferkearssaakkundige Mente Bonestroo fynt dat weismiten jild.

Neffens Bonestroo sil it djoere plan de ferkearsproblemen net oplosse. By syn plan bliuwt it Europaplein yntakt. In pear oanpassings binne genôch en it kostet mar fjouwer miljoen euro. De gemeenteried moat foar de fakânsje in beslút nimme oer it plein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)