Wer Nederlânske kompetysje foar froulju SC Hearrenfean

02 apr 2015 - 16:41

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean docht it kommende seizoen mei oan de nije earedivyzje foar froulju. SC Hearrenfean docht op dit stuit mei oan de BeNe League, dêr't teams út Nederlân en België yn útkomme. Oan de nije opset fan de frouljusearedivyzje dogge sân teams mei. Dat binne deselde dy't no ek yn de BeNe League spylje.

De KNVB en de klups hiene yn desimber al besletten om wer in eigen Nederlânske frouljuskompetysje op te setten. De klups spylje takom seizoen in dûbele kompetysje, wêrby't se 24 wedstriden fuotbalje.

De sân teams dy't it kommende seizoen meidogge oan de frouljuskompetysje binne ADO Den Haag, Ajax, SC Hearrenfean, PEC Zwolle, PSV, FC Twente en Telstar/VVNH. No't it frouljusfuotbal yn 'e lift sit giet de KNVB der fan út dat hjir de kommende jierren wol in stikmannich klups bykomme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)