Wer 'mobyl stimme' yn Ljouwert

10 jan 2007 - 11:44

Mei de kommende steateferkiezings fan 7 maart kin yn Ljouwert wer stimd wurde yn in stimlokaal nei kar. Dat wolle boargemaster en wethâlders. De gemeente hat earder ek al ûnderfining opdien mei 'mobyl stimmen' mei as doel mear kiezers te lûken.

It Ryk hat it mobyl stimmen op proef ynfierd by de lanlike ferkiezings fan novimber. De útkomsten yn Ljouwert binne posityf genôch om wer te kiezen foar dy metoade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)