Wer minder abonnees LC

28 sep 2010 - 15:57

It tal abonnees fan de Ljouwerter Krante is wer minder wurden. De krante hie it ôfrûne kwartaal sa'n 80.000 abonnees. Dat binne in pear tûzen minder as begjin dit jier. Yn septimber 2009 wie it tal abonnees ek al ôfnaam mei goed 5 persint. De delgong is in jier letter fermindere nei 3,3 persint. Yn oktober ferskynt de krante yn in nije foarmjouwing. Der binne ek nije katernen en bylagen. Haadredakteur Hans Snijder hopet op abonneewinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)