Wer merk yn Bilgaard

20 des 2006 - 06:03

De Ljouwerter wyk Bilgaard hat woansdei foar it earst sûnt de grutte brân yn augustus wer in merk. Dy wurdt hâlden oan 'e Brandemeer, neist it ôfbaarnde winkelsintrum. Earder wie der ek altyd merk op it parkearterrein fan it winkelsintrum.

De merk is der tenei wer alle woansdeitemiddeis. Der binne earst sân diskes. Der wurdt noch socht nei in tsiis- en fiskboer. De sneonsmerk giet dizze moanne ek wer los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)