Wer meldwike oer Dokterswacht

02 sep 2003 - 00:00

It Frysk Pasjinte- en Konsuminte- platfoarm organisearret op 'e nij in meldwike foar klachten oer de tsjinst- ferliening fan de Dokterswacht. De Dokterswacht bestiet no in jier en it pasjinteplatfoarm hat net de yndruk dat de tsjinstferliening bot ferbettere is.

De earste meldwike yn maart dit jier reinde it klachten. Dy giene benammen oer de berikberens fan de Dokterswacht en de wachttiden. Ek soene callsinter- meiwurkers út 'e hichte wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)