Wer mear swiere misdriuwen

04 mrt 2006 - 10:11

It tal swiere misdriuwen yn Fryslân is ferline jier wer tanommen. It Iepenbier Ministearje hat yn 2005 op 'e nij mear geweldsdelikten behannele as it jier dêrfoar. Dêrby binne faak jongeren belutsen. Dat hat haadoffisier Den Hollander fan it OM yn Ljouwert freed sein.

Yn 2004 sieten der 488 minsken tydlik fêst, ferline jier wiene dat der hast hûndert mear. Dêr sitte in soad saneamde veelplegers by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)