Wer mear seehûnen yn Waadsee

25 okt 2006 - 13:13

It giet wer goed mei de gewoane en de grize seehûnen yn de Waadsee. Dat docht bliken út ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen. It tal seehûnen is hast wer op it nivo fan begjin 2002.

Yn dat jier ferstoar hast de helte fan de populaasje troch in grutte firus- epidemy. Der binne dit jier sa'n 4000 gewoane seehûnen teld yn de Waadsee en 1800 grize. De seehûnen binne teld mei help fan fleantugen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)