Wer mear bou-oanfragen

08 maaie 2007 - 11:35

Yn de gemeente Achtkarspelen is sprake fan in flinke taname fan it tal bou-oanfragen. Yn fergelyk mei de earste fjouwer moanne fan ferline jier binne it dit jier oant no ta in kwart mear. De taname is yn 'e partikuliere likegoed as yn 'e saaklike sektor.

De gemeente set ekstra personiel yn om de oanfragen op tiid ôf te hanneljen. Se wurde betelle út de ekstra opbringsten oan leges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)