Wer maleur foar Boy Waterman

26 aug 2006 - 11:59

It sit SC Hearrenfean keeper Boy Waterman net mei. Hy wie moannelang út de roelaasje fanwege in blessuere oan de knibbel. Tongersdei koe hy lang om let wer meidwaan mei de beloften tsjin Emmen. Dat gie goed, mar freed op 'e trening sloech it needlot wer ta.

Waterman krige in bal ûngelokkich op syn pink, wêrtroch dy út it potsje sketten is. Yn it sikehûs is syn pink yn it gips set. Waterman is yn alle gefallen in wike út de roelaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)