Wer legionella yn Blauwe Golf

18 feb 2010 - 19:50
  • Wer legionella yn De Blauwe Golf

Yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is opnij de legionellabaktearje fûn. By in kontrôle die bliken dat de baktearje op fjouwer plakken yn de wetterlieding siet. It giet ûnder oare om de brânkraan, in kraan yn in húske en om de plafonddûsen by it rekreaasjebad. Gefaar foar de sûnens hat dat net opsmiten.

Goed twa jier lyn hat it swimbad in nij systeem krigen dat legionella foarkomme moast. Der wurdt no útsocht hoe't de baktearje dochs wer opdûkt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)