Wer legionella yn Blauwe Golf

27 jun 2006 - 17:21

Der is opnij in legionellabesmetting yn swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert. It giet om in gefaarlikke foarm fan de baktearje dy't longûntstekking feroarsaakje kin. De legionella is ûntdutsen yn de kâldwetterliedings fan de groepsdûsen, dy't ôfsletten binne.

Dy liedings binne te lang om te spielen, der wurde no oare maatregels troffen om foar te kommen dat it wer gebeure kin. Der binne, foar safier bekend, gjin minsken siik wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)