Wer lanlik ferfiersferbod troch nij gefal fûgelgryp

20 nov 2014 - 15:05

Der is op 'e nij fûgelgryp konstatearre. Diskear by in bedriuw yn it Súd-Hollânske Ter Aar. Dat betsjut dat der sûnt tongersdeitemiddei fan twa oere ôf wer in lanlik ferfiersferbod jildt.

It giet dan om plomfee, aaien en oare produkten. It ferbod is foar in perioade fan 72 oeren. Fierder hat it ministearje fan Ekonomyske Saken in jachtferbod op alle bisten ynsteld, en ek in ophok- en ôfskermplicht foar hobbyboeren. Plomfeetentoanstellings binne ferbean.

LTO neamt it in drama dat der op 'e nij fûgelgryp útbrutsen is. Neffens Piet Faber fan LTO smyt dizze nije útbraak mear as twa kear safolle skea op foar de boeren. Benammen de eksport hat bot te lijen ûnder de fûgelgryp.

Faber ropt dan ek alle plomfeehâlders, boeren en hobbyboeren op om ekstra foarsichtich te wêzen en it grypfirus net te ûnderskatten. Allinnich dan is de fûgelgryp ûnder kontrôle te krijen, tinkt Faber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)