Wer lange files troch iepen dei

18 jun 2006 - 14:19

De parkearplakken rûnom Ljouwert stiene sneon fol fanwege de twadde iepen dei fan de fleanbasis. Om de tagongsdiken nei de stêd ta ûntstiene lange files. Der kamen mear as 130.000 besikers nei de twadde iepen dei.

De buspendels fan de parkearplakken nei de basis hiene ek lêst fan fertraging. Sneontemiddei ûntstiene der wer lange files doe't de minsken wer nei hûs ta gongen nei de spektakulêre show fan de Blue Angels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)