Wer krânsen partoer Olijnsma

10 jul 2011 - 17:29
  • It winnende partoer (foto: Martin de Jong)

It keatspartoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra pakte snein yn Boalsert foar de twadde kear dit wykein de krânsen. De finale waard mei 5-5 en 6-4 wûn fan Marten van der Leest, Herman Sprik en Folkert van der Wei.

Yn it winnende partoer foel foarinse Hylke Bruinsma op troch goed spul. Nei de winst fan Olijnsma-en-dy sneon yn Broeksterwâld en in wike lyn yn Harns, is it de tredde winst op rige. Marten Feenstra waard kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)