Wer kontrôle by Ofslútdyk om mobyl banditisme op te spoaren

23 sep 2015 - 13:00
  • Grutte plysjekontrôle

By de Ofslútdyk hat de plysje tiisdei wer in kontrôle hâlden yn it ramt fan 'mobyl banditisme'. Trije persoanen binne oanhâlden en trije minsken binne bekeurd, ûnder oare foar it brûken fan falske kentekenplaten. Ek is in boete ynbard fan goed 1.200 euro.

Meielkoar binne goed 40 bestjoerders kontrolearre. De plysje wol mobyl banditisme, rûnreizgjende kriminele groepen, oanpakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)