Wer kontenerbrannen Ljouwert

10 maaie 2011 - 10:25
  • (foto: Anton Kappers)

Yn Ljouwert ha moandetejûn op 'e nij konteners yn brân stien. Om in oere as alve waard op de Brandemeer brân makke yn in kontener. Flak foar tolven wie it raak yn de Siebe Schootstrjitte.

Om kertier foar seizen tiisdeitemoarn waard yn de Gytsjerkstrjitte in kontener yn brân stutsen. De plysje freget minsken om harren kontener út it sicht of binnendoar te setten. En minsken dy't wat sjoen hawwe fan de brantsjes wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)