Wer kontenerbrannen Ljouwert

08 maaie 2011 - 08:16

Yn Ljouwert hat sneontenacht wer in tal kontenerbrannen west. Om kertier oer fjouweren wie it raak yn de Van Asbeckstrjitte. En tsien minuten letter krige de brânwacht in melding út dyselde strjitte. In oere letter moast de brânwacht yn aksje komme foar in baarnende kontener oan de Fennen. En krap in heal oere letter wie it raak op it Dragoonsplein.

Woansdeitenacht hie de brânwacht yn Ljouwert it ek al drok mei ferskate kontenerbrannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)