Wêr komt it Van Harinxma-kanaal?

07 nov 2003 - 00:00

De gemeente Frjentsjerteradiel wol dúdlikens oer it ferlizzen fan it Van Harinxmakanaal by de stêd. Om it kanaal befarber te meitsjen foar gruttere skippen soe it ferlein wurde moatte. Dat moat dan dien wurde oan de súdkant fan de stêd dêr't in nije wenwyk pland is. Der kin wol grûn foar it nije trajekt reservearre wurde, mar dan moat it kanaal der ek werklik komme.

Boppedat moatte de gemeenten Harns en Ljouwert it der ek mei iens wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)