Wer kij op de pleatsen

24 maaie 2001 - 00:00

It lânbouministearje hat bekend makke wannear't de boeren, dêr't it fee fan romme is fanwegen de tongblier, wer begjinne kinne. De saneamde herbefolking, wer kij op de pleats, mei trije wiken nei de lêste ûntsmetting plakfine.

De regels foar it slachtsjen, it ferfier en de eksport binne ek fierder ferromme. Alle rommingen binne dien. Yn Nederlân binne sa'n 260.000 bisten deamakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)