Wer keallemerk yn Ljouwert

11 mrt 2008 - 22:19

Der hat tiisdei wer keallemerk west yn Ljouwert. Der binne 700 keallen ferhannele. In jier ferlyn wie der foar it lêst in merk om't ynkeapers besletten hiene der mei op te hâlden.

De merk feroare dernei yn in opfangsintrum foar nochteren keallen. Mar dêr lizze de prizen folle leger as by in frije keallemerk. Nei oerlis mei hannelers is besletten wer ienris yn de wike in keallemerk te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)