Wer horekasaak ticht yn Ljouwert

16 nov 2005 - 12:06

De gemeente Ljouwert treedt strang op tsjin horekagelegenheden dy't har papieren net op oarder hawwe. No is de Coffee Club yn it gebou fan de Waag sluten, om't de útbaters de oanfraach foar in horekafergunning te let oanlevere ha. Koartlyn giene restaurant De Vier Jaargetijden en kafee De Gloppe ticht, omdat der papieren misten.

It giet bygelyks om in ferklearring fan goed gedrach fan nije eksploitanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)