Wer hertejacht op Skylge

27 jan 2009 - 08:46
  • Tiisdei wurdt der wer besocht de herten te fangen

It ministearje fan lânbou sil tiisdei op Skylge wer besykje om de herten op it eilân te fangen. Dêrfoar wurde ferskate teams fan spesjalisten ynset.

Ek minsken fan Steatsboskbehear fan Skylge en jagers fan it eilân dogge mei oan de fangaksje. Se sille it hiele eilân oer om de bisten te fangen of te ferdôvjen. As it tiisdei of de kommende dagen net slagget om de herten te pakken te krijen, dan binne der neffens boargemaster Visser fan Skylge oare maatregels nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)