Wer heidelân by bosk B'sweach

23 feb 2011 - 16:59

Yn de bosk by Beetstersweach wurket Lânskipbehear Fryslân oan tariedings foar it herstel fan it eardere heidelânskip. It giet om it 35 bunder grutte Alpherfjild.

Troch in grut tal beammen en strûken fuort te heljen, krije plakken mei heide mear kâns te groeien. Dêrmei komme in tal bedrige plante- en bistesoarten wer yn it Alpherfjild werom. It giet bygelyks om njirren en hagedissen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)