Tuskenstân SR no 3 miljoen

22 des 2013 - 09:50
  • Giel Beelen en Sophie Hilbrandt makken de tuskenstân bekend
  • De tuskenstân fan sneontejûn

Der is wer in rekôr tuskenstân by Serious Request. De aksje Let's clean this shit up mei it Glêzen Hûs yn Ljouwert hie sneontejûn in opbringst fan 3.054.689 euro. Yn fergeliking mei ferline jier is dat in ton mear. Doe wie de tuskenstân nei fjouwer dagen 2.9 miljoen euro.

De trije dj's fan 3FM sitte seis dagen sûnder te iten yn it Glêzen Hûs dat dit jier op it Saailân yn Ljouwert stiet. Op krystjûn wurdt de aksje ôfsletten en de einstân bekend makke yn de grutte feesttinte by de Aldehou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)