Wer grut tal auto's iepenbrutsen

02 okt 2003 - 00:00

Der is woansdeitenacht ynbrutsen yn sechtjin auto's yn Earnewâld en Warten. Yn alle gefallen waard it slot fan de autodoar fernield en de radio/cd-spilers stellen. De auto's stiene op it Eilânsgrien, Tsjerkepaed en de Feanterdyk yn Earnewâld en op de Bleek, de Mieden, it Karriderspaad en Oer de Barten yn Warten.

Ofrûne wykein wiene der yn de Súdwest- hoeke sawat 20 auto-ynbraken. Neffens de plysje giet it om deselde bende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)