Wer goud Kamminga en Horsten

02 jul 2013 - 21:26
  • Manon Kamminga
  • Oflossing Horsten-Roosenboom

Manon Kamminga en Mark Horsten ha mei de Nederlânske ploech it lêste baanûnderdiel, de mingde ôflossing, op it EK yn Almere wûn. De beide âld-Haulerwyksters, no Feansters, wiene mei Bianca Roosenboom en Ronald Mulder Dútslân krekt de baas. Op dit nije ûnderdiel, manlju en froulju yn ien ploech, koe sels in fal fan Manon Kamminga it feest net bedjerre. Yn it lêste rûntsje waard Horsten troch Kamminga lansearre. Horsten kaam mei in protte gong út de lêste bocht en skeat Dútslân foarby. Foar Horsten wie it nei twa kear brûns it earste goud.

Manon Kamminga waard de 'keninginne' fan dit EK op de baan: fiif kear goud. Woansdei is in rêstdei. Fan tongersdei oant en mei sneon giet it EK fierder, mar dan op 'e dyk. Op de lêste dei stiet foar de manlju en froulju de maraton op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)