Wer goud foar Fryske judoka's

19 okt 2014 - 18:07

Op de twadde dei fan it NK Judo yn Rotterdam hat Nick Kelly fan it Judo Topsport Steunpunt (JTS) fan It Hearrenfean snein ferrassend it goud pakt yn de klasse oant 81 kg. Yn de finale wûn Kelly mei in ippon fan Hidde Wolterbeek fan Sportschool Slingerland. Favoryt Neal van de Kamer waard al betiid yn de wedstriid útskeakele.

By de froulju wie der goud en in nasjonale titel foar Yvonne Odink fan it Judo Topsport Steunpunt. Yn de finale wûn se fan ploechgenoate Natascha Ausma dy't it sulver pakte.

Sneon wienen der al ek tal fan medaljes foar it Judo Topsport Steunpunt (JTS) fan It Hearrenfean. Hilde Jager wûn yn de klasse oant 57 kg it goud. Miranda Wolfslag pakte it sulver yn de klasse oant 52 kg.

By de manlju waard Wytze de Jong, de kampioen fan 2013, yn de klasse oant 66 kg tredde. Der wie ek in tredde plak yn de oant 60 kg klasse foar Bas Koffijberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)