Wer gjin oerwinning foar Cambuur

03 okt 2015 - 21:50
  • SC Cambuur

Cambuur is der sneontejûn op 'e nij net yn slagge de earste oerwinning fan dit seizoen te pakken. Yn Kerkrade waard lyk spile tsjin Roda JC. Nei in healoere spyljen kamen de Ljouwerters op foarsprong fia Bartolomew Ogbeche. Dat wie ek de stân by it skoft. Roda hie wol in fjildoerwicht mar sprong rûch om mei de kânsen.

Nei it skoft wiene der foar Cambuur wol mooglikheden om de skoare út te wreidzjen, mar yn de 72ste minut kaam Roda JC fia in prachtige goal fan Tom van Hyfte op 1-1.

Xander Houtkoop hie de winnende treffer yn de slotfaze op de foet mar rekke de peal. Cambuur bliuwt troch dizze útslach ien-nei-lêste mei fjouwer punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)