Wer gjin medalje Nederlanners

18 feb 2010 - 03:56
  • Shani Davis

Op de Olympyske 1000 meter yn Vancouver hat de Nederlânske ploech wer gjin medalje helle. Stefan Groothuis kaam noch tichtby mei syn fjirde plak yn in tiid fan 1.09,45. Mark Tuitert waard fyfde, Simon Kuipers sechsde en Jan Bos tolfde.

Winner waard Shani Davis yn in tiid fan 1.08,94. Hy bleau de Súd-Koreaan Tae-Bum Mo 18 hûndertsten foar. De Amerikaan Chad Hedrick pakte yn in tiid fan 1.09,32 it brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)