Wer gaslek yn Ljouwert

21 mrt 2011 - 16:10

Yn Ljouwert is op 'e nij in gaslek ûntstien troch graafwurk troch it bedriuw Reggefiber dat yn de stêd in glêfezelnetwurk oanleit. Yn de Looierstrjitte is moandei in grut gat yn de gaslieding ûntstien. Fjouwer huzen binne troch netbehearder Enexis ôfsletten om it lek meitsje te kinnen.

It is al de safolste kear dat meiwurkers fan Reggefiber in gaslek feroarsaakje. Earder oerlis hat neffens Enexis neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)