Wer in gaslek yn Drachten

05 des 2000 - 16:30

De plysje hat moandeitejûn huzen fan 20 gesinnen oan De Vier Tijden yn Drachten ûntromme. Der hong in sterke gaslucht om in leechsteand hûs yn 'e strjitte hinne. De omwenjenden binne út foarsoarch in oere yn it plysjeburo opfongen.

De brânwacht luchte de wente en it gasbedriuw sleat de kraan ôf. De oarsaak fan it gaslek is ûnbekend. Fan it wykein wie ek al in gaslekmelding yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)