Wer gaslek yn Aldlân

27 okt 2010 - 17:34

By it oanlizzen fan in nij glêsfezelnetwurk is woansdei yn de Ljouwerter wyk Aldlân in gaslek ûntstien. Dat wie by de Maagdepalm. Earder op de dei waard ek al in lek ûntdutsen. Dat is doe repareard. Mooglik is dat net hielendal goed gien. Letter op de middei waard troch bewenners opnij in gaslucht rûkt.

It nije lek smyt neffens de helpferlieningsynstânsjes gjin gefaar op foar de folkssûnens. It is al it tredde gaslek yn koarte tiid yn de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)