Wer gasboarrings by Droegeham

08 okt 2007 - 17:39

De Nedelandse Aardolie Maatschappij boarret meikoarten opnij nei gas by Droegeham. By it doarp waard yn 1980 ek al nei gas boarre, mar dat waard dêr doe net fûn.

Ut ûndersyk is no dúdlik wurden dat der toch wol gas sitte moat. Hoefolle, en oft it ek fan goede kwaliteit is, is noch de fraach. It tariedende wurk foar de gasboarings is moandei út ein set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)