Wer fytsûngelok op Europaplein

16 feb 2014 - 17:38

Foar de twadde yn koarte tiid is in fytser oanriden by it oerstekken fan it Europaplein yn Ljouwert. Sneintemiddei waard in famke(14) skept troch in auto, dy't bestjoerd waard troch in man fan De Jouwer(62). Har ferwûnings liken ynearsten slim te wêzen en dêrom waard in traumahelikopter oproppen. Mar dy koe werom, omdat it tafoel. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje tinkt dat it famke mooglik net goed genôch útsjoen hat.

Ferline jier desimber kaam noch in 77-jierrige fytser om it libben, doe't er it plein oerstuts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)