Wer Fryske teams Dakar-rally

15 jan 2011 - 12:33

Oan de Amsterdam-Dakar Challenge rally yn novimber, dogge opnij Fryske teams mei. It echtpear Wim en Yvonne fan de Berg út Aldehaske en Sytze van der Wal en Frans van de Berg út Grou. It giet by dy rally om in prestaasjetocht foar in goed doel.

De 40 teams moatte lykwols wol troch de Sahara en dat is gefaarlik, fanwege piraten. Dêrom is de offisjele Paris-Dakar rally al ferpleatst nei Súd-Amearika. De twa Fryske teams ride mei in Landrover en in Jeep Cherokee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)