Wer Fries fêst foar laptoprôf

16 mrt 2007 - 19:21
  • Fertochte laptopdieverij komt út Warfstermûne

Yn Fryslân is opnij in fertochte oanhâlden foar de laptoprôf op Skiphol. It giet om de sjauffeur fan it transportbedriuw op Skiphol. Dêr binne hûnderten laptops stellen. Dy binne ek trochferkocht yn Fryslân.

De plysje hat se by trije minsken weromfûn en yn beslach nommen. Earder waarden al twa oare fertochten oanhâlden foar de stellerij. Ien fan dy fertochten komt út Warfstermûne. De oaren wenje dêr yn de buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)