Wer foks deamakke op Flylân

27 nov 2009 - 11:20
  • De foksen binne benammen nachts warber (foto: Steatsboskbehear)

Op Flylân is in fjirde foks fongen en deamakke. It giet om in jong wyfke fan likernôch in heal jier âld. It bist stapte yn ien fan de 100 strikken dy't jagers fan Steatsboskbehear op it eilân pleatst ha. De organisaasje hat dêr tastimming foar fan 'e gemeente. It bist is fongen yn 'e Kroonspolder.

Earder waarden trije foksen deasketten. It gie doe om jonge mantsjes. Steatsboskbehear tinkt dêrom dat de heit en mem noch yn libben binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)