Wer firus yn Sionsberg Dokkum

21 mrt 2006 - 09:20

Talma de Sionsberg yn Dokkum is foar de twadde kear troffen troch in besmetlik firus. No giet it om in búkgrypfirus dat oantroffen is yn it ferpleechhûs.

Ferline wike waard it grypfirus oantroffen yn it ferpleechhûs fan Feanwâlden. Beide besmettingen soene neat mei-elkoar te krijen hawwe. Wol binne yn beide tehuzen maatregels troffen om fersprieding foar te kommen. De maatregels binne troffen yn oerlis mei de GGD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)