Wer fertochte telefoantsjes

03 mrt 2011 - 16:46

De gemeente Tytsjerksteradiel warskôget foar fertochte telefoantsjes. Ynwenners binne ferskate kearen nei seis oere jûns skille út namme fan de gemeente. De bellers fregen ûnder oare nei bankrekkennûmmers.

Neffens de gemeente skilje meiwurkers lykwols net nei kantoaroeren. De gemeente advisearret om te freegjen nei it telefoannûmer fan dejinge dy't bellet. Yn Skarsterlân waard ek warskôge foar fertochte telefoantsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)