Wer fertochte Bontebok oppakt

09 aug 2011 - 10:11

De plysje hat noch in man oanhâlden yn ferbân mei it ûndersyk nei in profesjonele himpkwekerij yn Bontebok. Dy waard heal july ûntdutsen yn in fakânsjehûs yn it doarp. Sûnt dy tiid waard in 60-jierrige man út Bontebok socht. De plysje seach him moandei riden en hat him oppakt.

De fertochte is meinaam nei it buro. Syn auto is yn beslach naam. De plysje tinkt dat dy kocht is mei drugsjild. De fiif earder oppakt manlju sitte foarearst ek noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)