Wer fernielings yn Ljouwert

29 okt 2012 - 12:46

Nei de fernielings by it skatepark oan de Van Loonstrjitte en yn it Julianapark yn Ljouwert fan ferline wike hawwe fandalen no wer taslein. Ofrûne wykein binne dingen fernield yn sportpark Nijlân. Lampepeallen binne ombûgd, ôffal is yn 'e brân stutsen en boustekken binne omsmiten.

Ekstra surveillânse fan de plysje hat oant no gjin arrestaasjes ta gefolch hân. De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't mear witte oer de fernielings. De gemeente set boppedat strjitcoaches yn om in groep jongerein yn 'e gaten te hâlden.

Ferline wike is in klimtastel yn it boarterstúntsje by it skatepark yn de Van Loonstrjitte yn 'e brân stutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)