Wer fernielings yn De Fochtel

22 jun 2006 - 16:21

Yn De Fochtel binne ferline wike opnij fernielings oantroffen. Nei ôfrin fan in eksamenfeest yn de pleatslike kroech binne ûnder oare brievebussen fan har standerd ôflutsen, blommen út de tunen weihelle en is in trekker fernield.

Dy trekker is eigendom fan in handikapte jonge dy't op soarchbuorkerij De Fochtel wurket. De jonge is der kapot fan, want de trekker is syn iennige ferfiermiddel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)